Skip to content

Margriet Craens


Margriet Craens

Margriet Craens (1988) studearre Nederlânske taal en kultuer oan de Universiteit van Amsterdam en byldzjende keunst oan it Sint Joost yn ’s-Hertogenbosch. Se wennet en wurket as keunstner, ûndersiker en skriuwer yn Eindhoven. De keunst fan Magriet Craens balansearret op de grins fan realiteit en fantasy. Se leit it ûnderlizzende, skynber fanselssprekkende bleat. Sa ûntstiet der romte foar nije ûnderfinings en in frisse blik. Mei in soad humor en ferrifeljende naïviteit foarmet Craens in alternatyf op de gruttere ferhalen.


Yn 2021 ried Margriet Craens fiif wiken lang troch Fryslân yn ús SRV-wein. Har projekt stie yn it teken fan it Nederlânske eksportprodukt tsiis. Ridendeweis brocht Craens in besite oan Fryske tsiisboeren, tsiisferkeapers en tsiiskonsuminten. Geandewei ûntdekte se dat tsiis neist iten, ek in spirituele rol hat. Se rekke ynspirearre troch de gattepatroanen dy’tst sjochst ast in plakje tsiis ôfsnijst. De patroanen liken op stjerrebylden. Sjochsto it ek ast goed sjochst?

Wist dat: De link tusken de spiritualiteit en tsiis blykt al iuwenlang te bestean. Yn de midsiuwen skynt tsiisfondue brûkt te wêzen om de takomst mei te foarsizzen.

 

Foto: Heleen Haijtema