Skip to content

SRV #6: Horacy Muszynski

Grizelje yn it Waadgebiet


VHDG

Toegang gratis


Residentie periode

ma, 30 aug. 2021 / ma, 11 okt. 2021

De SRV wagen

Door de hele provincie. Houd onze socials in de gaten om te zien waar we nu zijn.


Expositie

za, 24 okt. 2020 / vr, 11 dec. 2020

H47

Haniasteeg 47
8911 BX Leeuwarden

Zaterdag 24-10 t/m woensdag 4-11-2020
Donderdag 19-11 t/m zaterdag 12-11-2020
Open wo t/m zo 12:00 – 17:00 uur


SRV #6: Horacy Muszynski

Foar de 6e edysje fan VHDG/SRV nûget Kunstiniatief VHDG de Poalske keunstner Horacy Muszynski út. Seis wiken lang, fan 30 augustus o/m 11 oktober, sil dit jonge talint fanút de SRV-wein it Waadgebiet ûntdekke. Horacy sil rûnreizgje, wenje en wurkje yn dit atelier op tsjillen, dat ek as filmstudio tsjinnet foar syn projekt: in eksperimintele horrorfilm oer Fryslân.

De kuratoaren fan VHDG ûntdekten Horacy’s wurk Kishonia yn de tentoanstelling Survival 17 yn Wroclaw yn 2019 en wienen fuort fan. Se hawwe Horacy kennen leard as in ambisjeuze jonge makker dy’t him foar 200% ynset om syn ûnkonvinsjonele projekten te realisearjen. Syn fernimstigens en fermogen ta ymprovisaasje meitsje him ta in perfekte SRV-keunstner.

Mei de SRV-wein giet Horacy yn it Waadgebiet op ’e siik nei lokale grizelferhalen en paranormale ferskynsels, dy’t waarnommen binne op it Waad. Syn syktocht nei ferhalen en bysûndere filmlokaasjes begjint yn Moddergat, dêr’t hy de kust wei fierder ôfsakket.

Nei syn residinsje fan seis wiken sil it resultaat, in grouwélige én grappige film oer grizelich aktuele ûnderwerpen, te sjen wêze yn Kunstruimte H47 yn Ljouwert.

Eigen filmtaal tusken realiteit en fiksje Horacy Muszynski (1994) fermingt film en fideokeunst yn syn wurk. Mei unike, eksperimintele projekten siket hy de grinzen op tusken realiteit en fiksje, tusken hege en lege kultuer. Horacy hat in radikale eigen filmtaal ûntwikkele. Syn films binne in miks fan sjenres en stilen, fan horror oant dokumintêre.

Mei minimale middels makket Horacy filmeffekten en tige ynventive byldzjende ferhalen, dêr’t hy eleminten yn tapast út parody, B-films en amateurfilms. Under it absurdisme en de humor skûlet in krityske blik aktuele, maatskiplike tema’s.

Horacy Myszynski Foto: Heleen Haijtema

Spul en eksperimint De keunstner boartet graach mei it medium film en de grins tusken fiksje en realiteit. Sa joech hy yn syn wurk Dolly akteurs, dy’t in húshâlding spilen, de opdracht om foar de doer fan de hiele opnameperioade ek bûten de filmset yn harren famyljerol te bliuwen.

Yn ID ûndersocht hy it tema identiteit, troch in akteur yn de hieren dy’t him in wike lang yn it echte libben ferfong. De miny-searje Ass.death.dicks (sprek út as: aesthetics) reflektearret op de moardzjende kompetysje tusken jonge keunstners, in ûnderwerp dat yn de keunstwrâld selden besprutsen wurdt.

B-film as middel De B-film, as sjenre, is neffens Horacy in ûnderwurdearre middel om moderne problemen oan te kaarten. De simpele foarm en ferhaalline kinne in grut publyk berikke, sûnder de sjogger te oerweldigjen mei pogingen ta it beäntwurdzjen fan fundamintele libbensfragen.

Mockumentary De film dy’t Horacy yn Fryslân makket, wurdt in mockumentary: in sjenre dêr’t in fiktyf ferhaal yn presintearre wurdt yn dokumintêre-styl. In mockumentary is fan oarsprong satirysk; in ûnderwerp wurdt op grappige wize bekritisearre, mei de dokumintêre as stylmiddel.

In oertsjûgjende mockumentary fereasket in krityske blik fan de sjogger om te ûnderskieden wat wol en net ‘wier’ is, wat de dûbele lagen binne en wat de identiteit fan de makker is. It realisme fan dizze fertelfoarm kin in spannende film noch grizeliger meitsje. It bekendste foarbyld hjirfan is de film Blair Witch Project út 1999.

Byld: Niels Lunter

Dyn Fryske grizelferhaal

Bysûnder is dat de keunstner sels skriptskriuwer, regisseur, akteur, Doch-It-Sels-effektmakker en produsint yn ien is. Mar Horacy makket syn films noait allinnich; en gjin inkeld SRV-projekt soe mooglik wêze sûnder de gearwurking fan lokale minsken en bedriuwen.

De filmcrew fan Horacy bestiet út entûsjaste studinten fan NHL Stenden yn Ljouwert en de ynwenners fan Fryslân dy’t hy ûnderweis tsjinkomt. Foar Horacy leit de oanlûkingskrêft fan it medium film yn it teamwurk.

Kensto in bysûnder grizelich ferhaal oer it Waad? Of wolst de keunstner helpe om syn film te meitsjen? Witst in fantastyske filmlokaasje? Lit it ús witte! contact@voorheendegemeente.nl

Biografie Horacy Muszynski Horacy studearre Multimedia (BA) en Eksperimintele Film (MA) oan de keunstakademy yn Szczecin, Poalen. Op it stuit wennet hy yn Warschau en docht neist syn artistike praktyk de stúdzje Social Arts oan de universiteit fan Warschau. Sûnt oktober 2020 studearret Horacy oan De Ateliers yn Amsterdam. Sjoch ek it YouTube kanaal fan Horacy.

Folgje Updates oer it projekt en de aventoeren fan Horacy ûnderweis folgest fia ús sosjale media, of meld dy oan foar de spesjale Whatsappgroep: 06 49 283 387

Edukaasje en workshops Parallel oan Horacy’s reis jout it edukaasjeteam fan VHDG ûnder lieding fan Siska Alkema kreative workshops op basisskoallen troch hiel Fryslân. Learlingen meitsje sels in film, yn reaksje op it wurk fan de keunstner. Ek dizze keunstwurken wurde tentoansteld yn Kunstruimte H47.


Partners: New noardic Wave, NHL Stenden, Kunstruimte H47, Film Festival Cinematig, Neushoorn

Mogelijk gemaakt door: LF2028, Stichting DOEN / BankGiro Loterij Fonds, VSBfonds, Gemeente Leeuwarden, Prins Bernhard Cultuurfonds, Emmaplein Foundation, Stichting Het nieuwe Stads weeshuis, Stichting Ritske Boelema Gasthuis, Fonds Pictoright

Galerij