Fjouwer lantearnepeallen fan sa’n 3,5 meter heech steane rekhalzjend op de rotonde by de Julianaleane. By de lantearnepeallen stiet in houten bankje. It gehiel foarmet in wat smûke, hast nostalgyske situaasje. ‘Isn’t this where we met?’, is yn graffityletters te lêzen op it bankje. Dat is ek de titel fan dit rotondekeunstwurk fan keunstner Lucas Sloot.
Yn it foarjier fan 2022 pleatsten wy de Open Call 360°: Rotonde siket Keunstwurk. Wy hawwe in geweldich oantal ynstjoerings krigen mei in soad ynspirearjende en prachtige ideeën. Nei lang beried is der keazen foar dit eigensinnige wurk fan Lucas Sloot!
It wurk bestiet út in oantal ferskillende modellen lantearnepeallen yn ferskate kleuren en in houten, mei graffity bespuite bankje. It sjocht derút as moetingsplak en nûget út om der sitten te gean. Mar kinst der wol in sit nimme? Hoe kinst elkoar no moetsje op in rotonde? Dat is dochs in plak dêr’tst net komme kinst, of miskien wol net komme meist? Wa hawwe elkoar hjir moete? En hoe dan? It smûke tafriel fan de moeting dy’t dêr skynber plak fynt, stiet yn skril kontrast mei de ûnberikberens fan it stikje lân op it midden fan de rotonde. In nimmenslân dat de suggestje wekt datst der komme kinst, mar dat ûnberikber is tusken de hieltyd mar rûn sirkeljende auto’s.
Lucas makket kopyen fan deistige struktueren en wurket graach mei hout. Tink bygelyks oan heechspanningsmêsten en lantearnen. Troch dy objekten te kopiearjen ûndersiket er de materialiteit en tagelyk de beheinings fan de foarm fan it kopiearre objekt. Troch yts te kopiearjen bliuwt de foarm ommers ûnferoare, mar ast foar it materiaal wat oars brûkst krijt it wurk fansels wol in oare diminsje. Dat docht Lucas dus, en dat resultearret yn nijsgjirrige befinings. Op dizze wize hat Lucas him in artistyk útgongspunt taeigene dat tekenjend is foar syn wurk.
Yn de earste ynstânsje benadere Lucas syn wurken as konstruksjes; dat is ek werom te sjen is yn de keunstuterings sels. Tsjintwurdich siket Lucas krekt ek mear de frijheid fan de foarm op. Hy besjocht de kopyen en hellet dêr de nijsgjirrichste ûnderdielen út dy’t er dêrnei yn in frijere ynterpretaasje op ‘e nij ferwurket. Sa is bygelyks ‘Half krommetje’ fuortkaam út de rige ‘In ’t this where we met?’. Op de krûme foarm fan de houten lantearnepeallen – mar in ûnderdiel fan it hiele objekt – wurdt hjir de klam lein yn in nij wurk. It proses fan op dizze wize oan de hân fan it kopiearjen fan besteande objekten ta nije ûntdekkings komme, beskôget Lucas as in yntinsive bân tusken him en it wurk.
It tydlike keunstwurk fan Lucas Sloot is ien moanne lang, fan 11 maaie oant 14 juny, dei en nacht te besjen op de rotonde oan de Julianaleane/Hobbemastrjitte yn Ljouwert. Kom del en besjoch dit frisse, befreegjende wurk, dat dochs in faach gefoel fan bekendheid opropt. … Isn’t this where we met?
Foto: Siska Alkema