Skip to content

Homesick Restaurant

In workshop dy’t eksperimintearret mei iten, oantinkens en ûnwennigens


Kunstinitiatief VHDG

Kunstruimte H47

Kunstruimte H47
Haniasteeg 47
8911 BX Leeuwarden


Homesick Restaurant

za, 11 jun. 2022 - 14.00 / 17.00


Homesick Restaurant

Keunstner Lu Lin organisearret op sneon 11 juny yn Keunstromte H47 it evenemint ‘Homesick Restaurant’. Mei dizze workshop is har doel om middels iten ynternasjonale ynwenners fan Nederlân by elkoar te bringen. Dêrmei wol hja by dizze ynternasjonale doelgroep de iensumens tsjingean, dy’t faak anneks is mei it wenjen yn in frjemde omjouwing. Lu Lin wol dat dwaan troch yn de kontekst fan ‘Homesick Restaurant’ in gefoel fan thús te kreëarjen. Hjir set se in kombinaasje fan iten sieden en story telling foar yn.

Iten bestiet út mear as yngrediïnten allinne. Yn in soad kultueren, en benammen ek yn de Aziatyske kultueren, is iten in wjerspegeling fan in mienskiplike wize fan libjen, oantinkens, autentisiteit en ferhalen. Dêrtroch draacht iten boppe alles by oan in gefoel fan ‘thús’. As wy iten mei elkoar diele, betsjut it dat wy wat fan ússels mei elkoar diele, en konneksjes mei elkoar lizze. Spitigernôch ferdwynt dy betsjutting fan iten hieltyd mear yn de moderne sosjale kontekst, en soks liedt ta iensumens. Benammen by de ynternasjonale ynwenners (de saneamde ‘expats’) fan Nederlân, dy’t ûnwennigens ûnderfine (‘homesick’ binne) fanwegen dizze diskonneksje.

It evenemint is in sosjaal evenemint foar minsken fan boppe de 18. De bedoeling is om in feilige omjouwing te kreëarjen foar BIPOC, LGBTQIA +, Aziatyske minsken en minsken fan ferskillende religys. De wichtichste wearden dy’t mei dizze workshop anneks binne, binne ynklusy, soarch en empaty. Gjin inkelde foarm fan diskriminaasje wurdt tolerearre. Ast dy net gedraachst konfoarm dy regels, hawwe wy it rjocht om dy te freegjen om fuort te gean.


Dit evenemint wurdt ek stipe troch Oer de Drompel en Arcadia. Foto's: Rosa Mol