Skip to content

SRV #8: Susanne Khalil Yusef

Café Disorient: Sound of the Camp



Residentie

za, 02 jul. 2022 / vr, 05 aug. 2022

Friesland


Expositie

vr, 21 okt. 2022 - 16.00 / zo, 13 nov. 2022 - 17.00

Kunstruimte H47

Haniasteeg 47
8911 BX Leeuwarden


SRV #8: Susanne Khalil Yusef

Dizze hjerst presintearret VHDG in eksposysje fan de Palestynsk-Nederlânske keunstner Susanne Khalil Yusef: Café Disorient: Sound of the Camp. De tentoanstelling foarmet it einpunt en de presintaasje fan Susanne har rûnreis troch Fryslân. Mei dy reis brocht se Café Disorient, in kleurryk kafee op tsjillen, nei ús provinsje. Besykje tusken 21 oktober en 13 novimber de eksposysje en stap de kleurrike en desoriïntearjende wrâld fan Susanne binnen.

It Kafee op Tsjillen
Yn de styl fan ús SRV-keunstprojekt hat Susanne har Café Disorient op tsjillen set. Fiif wike efterinoar nûge se hieltyd op nije lokaasjes wer nije besikers út yn har kleurrike kafee. Café Disorient ferskynde ûnder oare yn AZC’s, dêr’t muzyk spile waard, kofje skonken waard en dêr’t se ûnferwachte moetingen hie mei lokale mienskippen.

Susanne brocht persoanlike ferhalen mei har mei, nau besibbe oan dy fan de flechtlingen; oer it ferlies fan dyn thúslân, flechtsje foar konflikten en ferset tsjin agresje en ûnderdrukking. It kafee waard in plak dêr’t iten, drinken, ûnderfiningen en oantinkens dield waarden; in plak fan ferbining en byinoar kommen; in plak dêr’t nettsjinsteande it ferlies fan in hûs it gefoel fan thús oproppen waard.

Fan Ferhalen nei Keunstwurken
Yn har keunstpraktyk ferkent Susanne ferskillende manieren wêrop’t se ferhalen en foarfallen omfoarmje kin ta bylden en symboalen. Dêryn eksperimintearret se mei ferskate materialen: aluminium, klaai, brûns en muorreskilderingen, dy’t mei-inoar in ryk palet fan ûnderfiningen, assosjaasjes en fertellingen ferbyldzje.

Nei in yntinsive reis brocht Susanne de sammele ferhalen nei de Langweer Glasstudio, wolbekend om syn fakmanskip en techniken yn it glêsblazen. Dêr ferwurke se har ûnderfiningen út har tiid yn Fryslân no foar it earst yn glêzen keunstwurken. Al dy keunstwurken sille yn Café Disorient: Sound of the Camp yn de tentoanstellingsromte H47 fertoand wurde.

De eksposysje is in bûnte samling fan symboalen, artefakten en argyfmateriaal. Op it earste each liket har keunst luchtich en boartlik. By neiere ynspeksje referearret de byldtaal lykwols nei skrinende foarfallen dy’t nau gearhingje mei ferhalen fan ferset, fan minsken dy’t fjochtsje foar harren rjocht om te libjen yn in feilich fermidden. Mei har keunst stelt se krityske fragen oer tema’s as kolonialisme, identiteit en geopolitike machtsferhâldingen.

As in tredde generaasje Palestynske flechtling is Susanne begûn mei it sammeljen fan boeken en films en oare objekten út de resinte skiednis fan de Palestinen. Dêrneist begûn se mei it meitsjen fan nije keunstwurken dy’t dy foarfallen sawol symbolisearje as betinke. De Palestynske skiednis is foar it grutste part foarme troch de stichting fan de steat Israël, wat late ta in oarloch, wêrtroch’t hast in miljoen Palestinen op de flecht slein binne en fan hûs en hiem ferdreaun binne. De gefolgen dêrfan wurde faak mei de term Al-Nakba (katastrofe of ramp) oantsjut.

“Plezier is een daad van verzet.”
De dichter Toi Derricotte sei oait: “Plezier is een daad van verzet.” Dy gedachte foarmet de ynstek efter Susanne har oanpak fan har reis yn Fryslân en dat sil ek te sjen wêze yn de eksposysje. Har boartlike ynstallaasje, kleurrike skulptueren en waarme konserten iepene nije doarren foar it beneamen en bepraten fan lestige en gefoelige ûnderwerpen yn in feilige en ferwolkomjend fermidden.

Iepening Eksposysje
Kom del by de iepening fan de eksposysje op 21 oktober yn Kunstruimte H47 en besjoch as earste de nije tentoanstelling fan VHDG. Yn de tradysje fan it reizgjende kafee servearret Susanne Arabyske tee en sjocht se út nei weardefolle moetingen mei de besikers.

Earder hat Susanne Café Disorient op ferskillende plakken presintearre, wêrûnder Valkhof Museum, WORM Rotterdam, Sonsbeek Festival en De Fabriek Eindhoven. We binne tige entûsjast dat we it net allinne nei VHDG, mar ek nei hiel Fryslân bringe kinnen hawwe!

Info Iepening
Wat: Iepening Eksposysje #SRV 8: Susanne Khalil Yusef
Wêr: Kunstruimte H47 (Haniasteeg 47 yn Leeuwarden)
Wannear: Freed 21 oktober om 16:00

Iepeningstiden Eksposysje
Woansdei t/m snein – 12:00 oan 17:00


Design: Natalia Papaeva Stipe troch: Mondriaan Fûns, Gemeente Ljouwert, Provinsje Fryslan, Old Burger Weeshûs, Prins Bernhard Kultuerfûns, Ritske Boelema Fûns, Stichting Stokroas en it VBS Fûns

Opening expo Café Disorient: Sound of the Camp

a:1:{i:0;s:64:"

#SRV 8: Susanne Khalil Yusef
Foto's door David Vroom

";}