Katie Ceekay (1990) is in keunstner út Dublin, Ierlân. Op it stuit wennet en wurket se yn en út Grins. Yn har wurk docht Katie ûndersyk nei hoe’t wy as minsken bestean, libje en bewege. Hjiryn sjocht se foaral nei it kapitalistyske systeem der’t wy yn libje, en hoe’t wy hjir tsjinyn gean kinne. Har wurk begjint dan ek altyd mei in kritysk petear.
Wêr tinkst oan by de wurden publike tsjinst? Wat kinst betinke bûten soarch, ûnderwiis en hanthaving? Foarsjogge de hjoeddeistige publike tsjinsten yn ús ferlet? Wat soe in publike tsjinst betsjutte moatte? En hoe kin in keunstner dit fasilitearje?
Foar it keunst- en ûndersyksprojekt Complex Public Service krijt Katie help fan tsien dielnimmers. Njoggen moannen lang besykje se mei-inoar in antwurd te finen op de fraach: hoe kin keunst as publike tsjinst optrede? It hiele proses is fêstlein yn in filosofyske film fan filmmakker Joost Wierenga.
Foto: Katie Ceekay