Nia Konstantinova (1992) is in Bulgaarske keunstner fêstige yn Rotterdam. Se is wurksum op it gebiet fan publisiteit, produksje, kuratorskip en byldfoarming. Ut har funksje efter de skermen wei set se graach minsken yn de spotlight dy’t net of net in soad represintaasje hawwe. Op dit stuit wurket Nia yn de programmakommisje fan VHDG, it pr- & kommunikaasjeteam fan WORM Rotterdam en BARTALK.
Konstantinova’s filmproduksjedebút Heart of Hunger (2018) wûn de Silver Leopard op it 71e Locarno Film Festival. De earste spylfilm dêr’t se oan wurke, Feast (2021), waard nominearre foar de grutte priis op it IFFR en makke syn Amerikaanske debút yn it MoMA (oktober 2021).
Foto: Unbekend