Skip to content

Susanne Khalil Yusef


Susanne Khalil Yusef

Susanne Khalil Yusef (1984) is berne yn Dútslân. Har âlden wiene Palestynske flechtlingen. Sy en har famylje hawwe yn har jeugd troch fiif Europeeske lannen swalke, op ’e siik nei in plak om in libben op te bouwen. Op it stuit wennet en wurket se yn Nederlân.

Khalil Yusef behelle yn 2018 har bachelor- en masterdiploma yn de byldzjende keunst oan St. Joost School of Arts & Design yn ’s-Hertogenbosch. Yn har stúdzjeperioade krige se hieltyd mear ynteresse yn har famyljeskiednis. Dit soarge derfoar dat se it Palestynske folk begûn te ûndersykjen.

Khalil Yusef makket meislepende en kleurrike ynstallaasjes. Dit docht se troch ferskillende media te kombinearjen. Foarbylden hjirfan binne muorreskilderingen, kanvas skilderijen, tekstyl, fideo en ljochtobjekten. Se nûget geregeld minsken út om binnen har ynstallaasjes op te treden, lykas in spoken-word artyst, in skriuwer en in Arabysk Tarab Ensemble.

Op it earste gesicht liket it felkleure wurk fan Khalil Yusef luchtich en boartlik, mar ast better sjochst, ferwiist it nei leed en gefaarlike situaasjes. De keunstneres stelt krityske fragen oer tema’s yn har thúslân. Dit giet oer ferjage wurde út je eigen lân, identiteit en sosjaal-geografyske machtsferhâldingen.

Foto: Café Disorient – We want to live (2021)
Lokaasje: Museum het Valkhof
Fotograaf: Flip Jansen