Nia Konstantinova sit by ús yn de AiR! Wy hawwe faker mei Nia gearwurke en se is dus gjin ûnbekende foar ús. Earder kurearre se foar ferskate oare projekten fan VHDG, mar mei dizze residinsje draait it om har eigen research. Dit is in wat bysûndere residinsje; dit is nammentlik in ‘Curator in Residence’ (dus eins in ‘CiR’), ynstee fan in Artist in Residence. It is de earste kear dat wy dit dogge, dus wy binne tige benijd nei de fruchten dy’t dit ôfwerpe sil!
Nia sil ûndersyk dwaan nei de wrâld fan science fiction troch de lins fan ynterseksjoneel feminisme. Dit komme je dêr mar komselden tsjin, want, krekt lykas yn safolle gebieten, hat de ferbylding fan de wite man liedend west yn de sintrale ûntwikkeling fan dit sjenre. Yn it ûndersyksprojekt ‘Brave Spectrum Futurisms’ sil Nia alternative en ûnderfertsjintwurdige takomstbylden besjen. Hokker fyzjes oangeande de takomst binne ûntwikkele troch ‘underdogs’ yn de sci fi? Hoe sketse feministyske kreativelingen in mooglike takomst? Hoe kinne wy lykweardich libje yn de ferbylde tiidsgeast fan queer tinkers? Wat kin tiid betsjutte as tiid net langer jild betsjut, yn de eagen fan kwantum afro futuristen?
Nia: “As a child, sci-fi was not of much interest to me, because in my gut I was in love with Earth. I thought: ‘There is so much to discover here.’ Shifting my perspective to the cosmos seemed unnecessary in my eyes. When I learned that futurism is not strictly about interplanetary discoveries and crazy gadgets, but visionary alternatives of our social reality, that sparked my interest to dig further.”
Hoe’t it krekt ferrinne sil is noch in ferrassing, mar Nia hat in hiel soad nijsgjirrige plannen om de lokale omjouwing hjirby yn te setten. Sa wol hja besjen oft hja mei in lokale boekwinkel gearwurkje kin, is se op ‘e syk nei scfi-fi entûsjastelingen yn de regio en wol se nije keunstners yn de stêd yntrodusearje. Yn in bredere sin hat hja as doel in netwurk te kreëarjen fan takomsttinkers troch Nederlân, dêr’t VHDG in wichtich ûnderdiel fan wêze kin. Middels lytse, gesellige eveneminten wol Nia fia aktiviteiten as lêzen en skriuwen, of it kreëarjen fan bygelyks in blêd, of troch in radioútstjoering yn te setten, sci-fi op in kollektive wize ferkenne.
Bisto ek benijd hoe’t Nia Konstantinova’s ûndersyk ferrinne sil? Hâld dan op ús sosjals de updates oer Nia’s residinsje yn ‘e gaten. Alle sneinen fan har residinsje nimt Nia de sosjals oer, dus op dy dei kinst wykliks in update oer har research ferwachtsje!
Befêstige petearen mei keunstners/makkers:
Fileona D’khar
Jorien Ketelaar
Michelle Samba
Garden of The Future
Partners yn Nia har ûndersyk:
WORM Rotterdam
Nieuwe Vide
Residency advisor: Iris Ferrer (Other Future Festival)
Foto: Natalia Papaeva