Skip to content

Expo: Natalia Papaeva

Ik bin…


VHDG

VHDG

Ipe Brouwerssteeg 10A
8911 BZ Leeuwarden

Toegang gratis


Natalia Papaeva: Ik Ben...

za, 13 mrt. 2021 / zo, 04 apr. 2021


Expo: Natalia Papaeva

Wa bist as net ien dyn thúslân liket te kennen en dyn memmetaal driget te ferdwinen? Hokker ynfloed hawwe emigraasje en yntegraasje op dyn kulturele identiteit? En mei hokker wurden joust foarm oan wa’tst bist en wêr’tst wei komst?

Natalia Papaeva (Rusland, 1989) groeide op yn Boerjatië, in autonome republyk yn East-Sibearië. Sûnt 2013 wennet en wurket se lykwols yn Nederlân, dêr’t se yn 2018 ôfstudearre oan de Haachske Keninklike Akademy foar Byldzjende Keunst. Yn har rauwe en yntinse fideoperformances ûndersiket se ús relaasje mei taal en har kulturele identiteit as ‘Boerjaat om utens’.

Yn etalaazjes op ûnderskate lokaasjes yn de binnenstêd fan Ljouwert presintearret VHDG har earste solotentoanstelling. Alle toande fideowurken binne sprutsen yn it Boerjatysk, Papaeva’s memmetaal. It Boerjatysk is ien fan de hast 2600 talen dy’t op it punt stean te ferdwinen. Ek de fysike ôfstân ta har thúslân beynfloedet har bân mei har taal en bertestreek.

Yn har fideowurken en performances jout Papaeva in stim oan dizze kulturele ‘eroazje’ en ûndersiket se wat dat docht mei jo identiteit. Yn it priiswinnende wurk Yokhor (2018) ûndergiet se de pine fan it ferlies fan har taal en sjocht de sjogger har ferskillende emosjonele stadia trochmeitsjen, fan kalmte oant hystery. Yn Vacuum (2019) ûndersiket se taal op ’e nij as drager fan emoasjes en besiket se har eangsten te beswarren mei de mantra’s dy’t har beppe har eartiids learde.

Spesjaal foar dizze tentoanstelling ûntwikkele Papaeva ek in nij fideowurk. Yn ’e simmer fan 2020 ferbleau se fjouwer wiken yn de Artist-in-Residence fan VHDG, yn de Haniahof yn Ljouwert. Dêr kreëarre se in performancewurk nei oanlieding fan it rasisme dat se troch har Aziatyske uterlik ûnderfûn yn de tiid fan de earste koroanaweach. Yn it wurk Ik bin…, dat twa kear live opfierd wurdt en dêrnei te sjen is by de entree fan de tentoanstelling, ûndersiket se kultureel bepaalde, taalkundige konnotaasjes en hâldt se de sjogger op lichtfuottige dochs konfrontearjende wize in spegel foar.

Papaeva studearre yn 2018 ôf oan de Koninklijke Academie van Beeldende Kunsten fan De Haach. Mei har ôfstudearfilm Yokhor wûn se sawol de ôfdielingspriis fan de KABK as de TENT Academy Award. Yn 2019 waard Papaeva nominearre foar de Sybren Hellinga Kunstprijs. Yn 2020 ûntfong se in Werkbijdrage Jong Talent fan it Mondriaan Fonds.

  • Friezen neame leafdefol in Fries dy’t bûten Fryslân wennet ‘Fries om utens’.


Foarmjouwer kampanjebyld: Niels Lunter
Skriuwer publykstekst: Grytsje Klijnstra

Mooglik makke troch: Gemeente Ljouwert, Mondriaan Fonds, BankGiro Loterij Fonds, Stichting Stokroos en WEJansenfonds.

Galerij

a:1:{i:0;s:46:"Hier kan ik iets meer vertellen over de foto's";}