Skip to content

RADIO THEATER SHOW + BOOKLAUNCH: Script for a Synthetic Play

On (un)grounding Community and the Generative Power of Fiction


Online

Zoom


RADIO THEATER SHOW + BOOKLAUNCH: Script for a Synthetic Play

wo, 30 mrt. 2022 - 20.00 / 21.00


RADIO THEATER SHOW + BOOKLAUNCH: Script for a Synthetic Play

Wês der (online) by foar in online radio teäterfoarstelling/booklaunch event: in akoestyske wize om de unike ûnderfining fan Unknown Grounds benei te kommen. Dus stofje de earen ôf en ried dyn brein ta op in koarte mar toffe lêzing fan in pear fan de soppichste siden fan Script for a Synthetic Play, in boek dêr’t ekspertize en ûnderfining elkoar yn moetsje yn ynformele en tagonklike petearen dy’t omset binne yn in komeedzje, mei in lytse hint fan science fiction. Hybride stimmen sirkulearje, grinzen fan dissiplines ferfage en der wurde kollektyf nije grûnen ûndersocht.

Script for a Synthetic Play dûkt yn it útrûpeljen fan minske en lân, nije wrâldkreëarjende technologyen, it ferlet fan ûnderdak en ynfrastruktueren basearre op soarch en de kulturele en ekologyske útdagingen fan hjoed. Troch de wei fan de generative krêft fan fiksje ûntstiet der in gefoel fan identiteit en ergens thúshearre, mar ek fan marzjinaliteit en ûnteigening.

Script for a Synthetic Play komt fuort út de diskusjes dy’t plakhân hawwe by it performative sympoasium ‘Unknown Grounds’ yn Ljouwert, 2019, organisearre troch Kunstinitiatief VHDG en Tresoar Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum en bestiet út in kolleksje fan teksten skreaun troch Sissel Marie Tonn, Bert Looper, Andrej Radman, Theun Karelse, masharu, Bert Boekschoten en Flora Reznik.

Ek hawwe wy nijs oer it oankommende Unknown Grounds: The Public Building edition, op 7-8 juny 2022

https://www.unknowngrounds.nl

30 maart om 20:00 Organisearre troch VHDG en mei-hosten troch Onomatopee Projects Lokaasje: online Link

Script for a Synthetic Play kinst keapje fia de website fan Onomatopee.


Design: Wibke Bramesfeld