Skip to content

Rotonde: Gran Whistle Turismo

Lee McDonald


VHDG

Rotonde Julianalaan

Rotonde Julianalaan, tegenover Curioskerk en Julianapark


Expositie

zo, 28 mrt. 2021 - 14.30 / zo, 25 apr. 2021 - 22.00

24 uur per dag te zien


Rotonde: Gran Whistle Turismo

In gigantyske, racende feesttoeter? Lit dat mar oan de Britske keunstner LeeMcDonald oer. Dizze âlde, bêzjegouden Folkswein Golf hat er yn in pear moannen omboud ta in spektakulêre rallywein, mei dêr boppe-op in bysûnder bousel. In kegelfoarmige wynfanger is fêstmakke op it dak fan ’e auto, mei dêroan in útfergrutte feesttoeter – sa’tst dy kenst fan jierdeifeestjes. Mar no makke fan in enoarm tekstyl patchwork troch tekstylkeunstner Wies Noest. As de bestjoerder fan de auto mar hurd genôch rydt – en dêrmei genôch wyn fangt – wurdt der op de feesttoeter blaasd.

Mei de auto appellearret McDonald oan de rike kultuer fan selsmakke rally-auto’s en amateur autoraces yn Fryslân en de wille, ynventiviteit en mienskip dy’t hjirfan útgiet. De toeter op de wein is fleurich, útdaagjend en tagelyk absurd. Lokale ûndernimmers binne it projekt belutsen troch harren te freegjen as sponsor in stikker fan harren ûndernimming op de wein te plakken, krektlyk as by oare race/rallyweinen.

Yn de tentoanstellingsperioade sil de auto ‘ûntsnappe’ fan de rotonde en dielnimme oan in echte race tusken amateurkoereurs: in wedstriid mei as ultym doel om de feesttoeter boppe-op de auto fluitsje te litten. Folgje ús socials (sjoch ûnderoan) om op ’e hichte te bliuwen en de race online by te wenjen!

Oer de keunstners

Lee McDonald (1979) is berne yn Plymouth (UK) en wennet en wurket yn Grins, Dêr’t hy yn 2017 ôfstudearre oan it Frank Mohr Institute. Wurkjend fanút de prinsipes en meganismen fan kinetyske keunst is it werklike keunstwurk yn Lee McDonald syn wurk net it objekt, mar de beweging fan it objekt. Om de keunstwurken te konstruearjen brûkt McDonald faak materialen dy’t foarhinne in konkrete, aktive funksje hiene – lykas âlde motoaren fan foertugen of oandriuwmeganismen fan boartersguod. Kombinearre mei ferskillende oare materialen, dy’t him – faak tafallich – foarhannen binne, ûntstean der út dizze âlde meganismen nije, tydlike kinetyske skulptueren dy’t net selden in absurd en ûnpraktysk karakter hawwe.

Wies Noest (1945) wennet en wurket yn Aldebildtsyl. Se makket objekten fan tekstile materialen dy’t yn ferskate kombinaasjes tapast wurde yn (meastal bewegende) ynstallaasjes. De ynstallaasjes wurde pleatst yn de natuer, yn gebouwen en yn stedsgebieten. Mei hieltyd wikseljende kombinaasjes fan objekten reagearret Wies op de spesifike mooglikheden fan de lokaasjes, de sjoch- en rinlinen, de waarsomstannichheden en it ljocht

fan dat momint. Elke ûnderfining leveret har nije ynsichten en nije hannelingen op. It is in proses. Elk proses wurdt stadich sichtber yn de registraasjes.

Folgje it projekt ek op ús socials!

@kunstinitiatief.vhdg

facebook.com/KunstinitiatiefVHDG

en diel dyn foto’s fan de Gran Whistle Turismo mei de hashtag #granwhistleturismo


In projekt fan Kunstinitiatief VHDG en Lee McDonald yn gearwurking mei Wies Noest
Design autostickers, banner en logo’s: Michiel Teeuw

Fotografy: David Vroom

Mei tank oan: Stichting Stokroos, Het Nieuwe Stadsweeshuis, LOF

Galerij