Fan 8 septimber o/m 20 oktober reizget de SRV-wein fan VHDG foar de fiifde kear troch Fryslân, dizze kear mei keunstner Bram Kuypers oan it stjoer. Seis wiken lang is de SRV-wein Kuypers’ memmeskip en mobyl laboratoarium. De keunstner sil ûndersyk dwaan nei de betsjutting en beweeglikens fan it lânskip en natuerferskynsels. Dêrneist wurdt de reis ek in dûk yn it ferline. Hoewol’t er berne waard yn Arnhem, hat Kuypers Fryske woartels, dêr’t er mear oer te witten komme wol. De ferhalen fan Kuypers syn pake en beppe sille dêrom de koers bepale foar syn reis troch Fryslân.
Kuypers: “Ik sjoch dernei út om de grinzen op te sykjen fan wat der wol en net mooglik is mei dizze mobile wurkpleats, en ek nei it oerskrieden fan myn eigen histoaryske kaders en lânskiplike belibbing.”
De resultaten fan de wurkperioade fan Kuypers sille te sjen wêze yn in eksposysje yn Kunstruimte H47 yn Ljouwert. De iepening op 26 oktober wurdt tagelyk in feestlike ûntfangst foar Bram en de SRV-wein. Elk is wolkom!
Bram Kuypers De praktyk fan Bram Kuypers (1989, Arnhem) bestiet út prosesmjittige lokaasje-spesifike projekten dêr’t hy it reitsflak yn opsiket tusken de struktueren, ynstitúsjes en fantasijen dêr’t wy ús romtlike begripen mei bepale. By yntuïtive syktochten nei feiten en ferhalen stuitet Kuypers op de alsidigens fan it lânskip en har brûkers. Yn it fertalen fan dizze befiningen nei wurk replisearret Kuypers almeast objekten en hannelingen dy’t er by syn syktocht ûntdekt hat.Troch dizze op in nije wize te ferwurkjen komt it plak dat hy ûndersocht hat yn in folslein nij deiljocht te stean.
Rûnliedingen by de tentoanstelling: 1, 8, 14 en 15 novimber, oanfang 15:00 oere (gjin oanmelding nedich). Wy biede ek lunsj rûnlieding en freedtemiddeisbuorrel rûnlieding oan. Meld dy oan fia rondleidingen@voorheendegemeente.nl Op 15 novimber hawwe wy in spesjale freedtemiddeisbuorrel rûnlieding as feestlike ôfsluting fan de eksposysje, dizze begjint om 16.00 oere.
Foto: Heleen Haijtema & David Vroom
Design: Marcel Westra