Skip to content

SRV #7: Margriet Craens

“Op ’e siik nei it wêzen fan de Fryske tsiis”



Resedentie periode

ma, 06 sep. 2021 / zo, 10 okt. 2021

De SRV-wagen

Door de hele provincie. Houd onze socials in de gaten om te zien waar we nu zijn.


Expositie

za, 13 nov. 2021 / zo, 12 dec. 2021

H47

Haniasteeg 47
8911 BX Leeuwarden


SRV #7: Margriet Craens

“Op ’e siik nei it wêzen fan de Fryske tsiis”

Dit neijier giet de SRV-wein fan VHDG werom nei syn roots. It kommende projekt stiet nammentlik yn it teken fan in typysk Nederlânsk konsumpsjeprodukt: tsiis. Keunstner Margriet Craens giet, om ûndersyk te dwaan nei it wêzen en de takomst fan de Fryske tsiis, op besite by tsiisboeren, tsiisferkeapers en tsiiskonsuminten. En dat lêste is fansels elke Nederlanner. Wy stean net foar neat bekend as ‘tsiiskoppen’; de trochsneed ynwenner fan Nederlân yt 17 kilo tsiis yn it jier!

Op 5 septimber ferlit Margriet Ljouwert, om fiif wiken lang it Fryske tsiislânskip te trochkrusen.  Neist dat Margriet op besite gean sil by ferskillende tsiisprofessionals, wol se ek graach yn petear gean mei amateur-tsiisleafhawwers, en mei minsken dy’t tsiis krekt in freeslik produkt fine. Krekt as by in echte SRV-wein kinst by Margriet ek terjochte foar tsiis foar op dyn eigen stikje bôle. As dyn wenplak op de rûte leit, kinst kontakt opnimme om tsiis te bestellen, fia it bestelformulier of fia de telefoan. De djippere betsjutting fan tsiis

Der is yn dit projekt ek romte foar in oare ynfalshoeke – de spirituele kant fan tsiis. Margriet rekke ynspirearre troch de patroanen fan gatten dy’t tefoarskyn komme ast in plak tsiis ôfsnijst. Elk plakje is unyk en dy ferskillende gatteformaasjes lykje in bytsje op … stjerrebylden? Tidens de residinsje sil Margriet in poging dwaan de djippere laach yn de tsiis oan it ljocht te bringen troch dizze gatten te analysearjen.

De link tusken spiritualiteit en tsiis blykt net nij te wêzen: yn de Midsiuwen skynt de tsiisfondue brûkt te wêzen om de takomst mei te foarsizzen. Dat wurket sa: ien dipt in stikje bôle yn de hite tsisssaus en hâldt him dan foar it ljocht. Stelst de tsiis in fraach en de foarm fan it skaad foarseit it antwurd. Yn har residinsje sil Margriet dizze metoade ek sels besykje.

Sin oan tsiis, of in petear oer tsiis?

Margriet trochkrúst de provinsje yn in besykjen it wêzen fan de Fryske tsizen te trochgrûnjen, op sawol rasjonele as spirituele wize. Hoe sjocht it tsiislânskip derút, no en letter? Om’t de Fryske tsizen neat binne sûnder de Friezen sels, hopet se ek op moaie útwikselingen: fan in stik tsiis oant in djipgeand tsiispetear.

Dus hawwe jo in spesjale bân mei tsiis? Ferstân fan tsiis? Leit der noch in goed tsiisferhaal op ’e planke te rypjen? Kinne jo de takomst fan tsiis foarsizze? Of hawwe jo gewoan sin oan in goed stik Fryske tsiis? Lit it dan witte!

Doch mei of bliuw op ’e hichte

Belje of SMS al jo tsiisboadskippen troch nei 06-49283387. Of app om dy oan te sluten by de Whatsapp-groep dêr’tst de reis fan de SRV mei folgje kinst.

Let op: Foar dit evenemint is in koroanatagongsbewiis ferplichte.


Poster design: Niels Lunter SRV #7 wurdt stipe troch: Mondriaan Fonds, VSB Fonds, Nieuwe Stadsweeshuis, Stichting Emmaplein, Stichting Stokroos, Ritske Boelama Gasthuis, Stichting Herbert Duintjer, Stichting H47, Bank Giro Loterij Fonds, Provinsje Fryslân.

Galerij