Unknown Grounds is in performatyf sympoasium: in poadium foar kollektyf tinken dêr’t in bysûnder soart wurk ferrjochte wurdt. Unknown Grounds ûndersiket it idee dat de systemen (lykas demokrasy, ûnderwiis, wurk) publike romten binne dy’t wy bewenje, en dy’t tagelyk ek troch ússels boud wurde. Dat makket ús gjin passive brûkers, mar aktive makkers fan it publike gebou.
Dit noardlike evenemint bringt in ynterdissiplinêre groep fan (byldzjend) keunstners, beliedsmakkers, wittenskippers – en oare tinkers – byinoar en kreëarret in twadaachsk poadium dêr’t wy performative en oare fernijende tools brûke om te tinken: om de besteande gebouwen fan ús mienskip, de ruïnes likegoed as de systemen dy’t wy as ûnferoarlik en massyf beskôgje, kritysk te besjen en opnij te ferbyldzjen.
Underdompele yn in teätrale sfear wurkje de dielnimmers en gasten by Unknown Grouds yn in romte op de boartlike grins fan fiksje en werklikheid, wêryn’t tinken in mienskiplike en aktive beleving wurdt en wêryn’t gasten en dielnimmers hieltyd fan rol wikselje yn eksperimintele workshops. Dit binne de befêstige gasten foar Unknown Grounds: The Public Bulding: Nishant Shah, Hamja Ahsan, Nina Glocker, Ribal Khatib, Lila Athanasiadou, Mohamedou Slahi, Anna Moreno en Eef Veldkamp.
Kijk voor meer informatie op de Unknown Grounds website.
Design: Wibke Bramesfeld
Unknown Grounds: The Public Building is in projekt fan Kunstinitiatief VHDG yn gearwurking mei Stadsschouwburg de Harmonie en Arcadia, en wurdt sponsore troch Stichting Herbert Duintjer Fonds, Pauwhof Fonds, Het Nieuwe Stadsweeshuis, Ritske Boelema Gasthuis en LF2028..