Skip to content

WORK, REST, WHAT WE WILL

Artist-in-residency: Alina Lupu


VHDG

AiR

VHDG AiR
Ipe Brouwerssteeg 10a
8911 BZ Leeuwarden


Residentie periode

do, 01 sep. 2022 / zo, 02 okt. 2022


WORK, REST, WHAT WE WILL

Begjin septimber ha wy Alina Lupu yn ús AiR ferwolkomme om by ús in moanne lang residinsje te hâlden. Se is gjin ûnbekende foar ús, yn novimber 2021 lêstlyn wie se noch te gast by ús as ien fan ’e trije keunstners op de HEDEN: Humorjûn yn Neushoorn, dêr’t se de moderator op memorabele wize flink foar it blok sette. Alina’s wurk rjochtet him yn haadsaak op de besteansûnwissichheid binnen de keunst. It is in swier ûnderwerp dêr’t se soms in ûnferwachte draai oan jout, lykas op dizze HEDEN jûn. It wie mar in grap dy’t bewiist dat humor yn mannich foarmen komt en soms de iennichste wize is om út ’e swiersettigens te stappen en it praten oer libbens- en wurkomstannichheden besprekber te meitsjen.

Yn ’e earste wike fan septimber is se by ús yn ’e AiR oankommen om hjir ûndersyk te dwaan en te wurkjen oan it projekt ‘Work, Rest, What We Will’. Se sil besykje har hjir te setteljen en Ljouwert in bytsje better kennen te learen, en om de relaasje tusken har ynwenners en wurk, rêst en frije tiid begripe te learen.

Alina Lupu komt oarspronklik út Roemenië, mar wennet en wurket tsjintwurdich yn Amsterdam. Se hat dêr studearre oan de Rietveld akademy, en is nei har ôfstudearen oan it wurk gien as waarmmielbesoarger. Se besleat doe om har ûnwisse wurksituaasje te brûken en parallellen te finen tusken wurk yn ’e kulturele sektor en nul-oeren-kontrakt-baantsjes en zzp’ers binnen it wurkfjild fan waarmmielbesoargers.

Op in bepaald stuit foege se har posysje as besoarger en keunstner yninoar, doe’t se as alumna útnûge waard om as sprekker op de Rietved akademy te kommen. Dêr foelen yn it publyk (har eardere learkrêften) de mûlen iepen fan ferwûndering doe’t se yn in folslein besoargersunifoarm, kompleet mei tas en al, it poadium oprinnen kaam. Dy aksje typearret de toan fan har wurk yn har fierdere karriêre as keunstner, dêr’t se faak op in humoristyske wize aktuele problemen yn oan ’e kaak stelt, mar meastentiids wol mei in skerpe ûndertoan.

Dit is no alwer seis jier lyn.

Wilens is har wurkpraktyk foarme troch fierdere banen by in skjinmakbedriuw, yn in restaurant, opdrachten binnen de keunst, likegoed as troch har ûnwisse leefomstannichheden en frijwilligerswurk foar in inisjatyf foar in merk foar fergees iten. Se is deroan wend rekke om har altyd bewust te wêzen fan de kontekst fan har wurk, en dêrtroch foarmet de kontekst faak de útkomst. As helpmiddel hjirby stelt se in biblioteek gear mei de namme Art Workers Library, dat as in libjend en groeiend organisme in akkommodaasje biede moat oan rinnende petearen oer de relaasje tusken wurk en keunst en oer de wizen dêr’t libben en wurk op gearfalle. Mei dizze biblioteek as startpunt wol Alina yn ’e tiid fan har residinsje by VHDG yn de Fryske kontekst fan wurk dûke, mar ek neitinke oer manieren dêr’tst op oan de standert ferwachtings fan wurk ûntkomme kinst en oer konsepten lykas ‘brede wolfeart’.

Hjirûnder in seleksje fan wurken út de biblioteek: Working Aesthetics – Danielle Child; Mutual Aid – Dean Spade; The Hologram – Cassie Thornton; Wages against artwork – Leigh Claire La Berge; Art Workers – Julia Bryan-Wilson; The Problem with Work – Kathi Weeks; Entreprecariat – Silvio Lorusso; Inventing the Future – Alex Williams and Nick Srnicek; 24/7 – Jonathan Crary; Seasonal Associate – Heike Geisler; Artists at work – Bojana Kunst; The Educated underclass – Gary Roth; Student revolt – Matt Myers.




Foto: Jörn Nettingsmeier